Ferkear yn Reitsum en Lichtaard moat him yn de takomst sels rêde. It kolleezje fan boargemaster en wethâlder yn Ferwerderadiel wol de measte ferkearsbuorden en ljochten yn de doarpen fuorthelje.

De diken wurde dan ynrjochten neffens it Shared Space-konsept. De ynwenners fan Reitsum en Lichtaard wurde belutsen by it beslút. Sy prate mei oer hoe't de diken der úteinlik útsjen moatte. It is noch net bekend wannear't it definitive beslút falt.